Sportcast

SportCast #40: "De KNVB-prosedure wie technysk sjoen tige amateuristysk"

Informações:

Sinopse

Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anker, dy't te gast binne yn de nije SportCast. Dêryn fertellen se ek dat se oer oardel jier, yn jannewaris 2022, ophâlde as advokaat.