Fit Mei Femke

Wike 4 - Training 2

Informações:

Sinopse

Training 2 10 minuten hurdrinne Hurdrincoach Jaring de Groot: "Tink om dyn technyk!" Alle minsken binne berne mei in unike wize fan rinnen. As bern wie it sa mar klear om te rinnen. Eins is dat no mei it hurdrinnen ek wer sa. Rin op dyn eigen wize. • Probearje wol dyn earmen yn in hoek fan 90 graden te lizzen en meitsje in los fûstkje. It moat net krampeftich wêze. Lit de earmen moai mei bewege mei de rest fan it lichem. • Probearje op in foar dy sa natuerlike wize hurd te rinnen. Probearje dêrby wol dyn holle rjocht te hâlden, dyn skouders wat ôfhingje te litten (ûntspanne) en sjoch foarút en net nei de grûn. Dêrtroch bliuwt it lichem moai rjochtop. • Meitsje foaral yn it begjin net de lange passen. Moaie lytse paskes. De measte hurdrinners komme earst op de hakke terjochte, dan komt it middenstik fan de skoech en dan einigje se mei de ôfset fan de grutte tean, dy't as lêste de fêste grûn ferlit. Belangryk is datst dy bewust bist fan dyn hâlding en troch in leech tempo te hantearjen kinst der ek oer ne