Fit Mei Femke

Wike 2 - Training 1

Informações:

Sinopse

Training 1 3 x 3 minuten en 1 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje. Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean "Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier" Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje). By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten. By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet. En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen. Ek dat is belangryk. Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast d